Belangstelling yn Haulerwyk foar sinnepark

Sinnepanielen © Omrop Fryslân
Yn Haulerwyk is foldwaande belangstelling om te partisipearjen yn it grutskalige sinne-enerzjyprojekt fan GroenLeven by it doarp. Dat seit Jan Roelof van Weperen fan de Eaststellingwerver enerzjykoöperaasje De Eendracht. GroenLeven is ree om 240 sinnepanelen fan it grutte projekt oer te dragen oan De Eendracht, om sa omwenners en oare doarpsbewenners de kâns te jaan om oan it projekt mei te dwaan.
Minsken dyt hjir wat foar fiele, kinne foar 250 euro in sinnepaniel keapje. Wa't dat docht krijt as tsjinprestaasje fyftjin jier koarting op de enerzjybelesting. Dy koarting moat de ynvestearring yn sinnepanielen rendabel meitsje foar de dielnimmers.
Ynformaasjejûn
In ynformaasjejûn oer it sinnepaneleprojekt luts de ôfrûne wike sa'n tweintich belangstellenden. Guon dêrfan woene har al fuortendaliks ynskriuwe foar ien of mear sinnepanielen. Van Weperen fan enerzjykoöperaasje De Eendracht ferwachtet de kommende tiid noch mear flecht op de koai. As de plannen wer wat fierder útwurke binne komt der in nije ynformaasjejûn foar alle ynwenners fan Haulerwyk.