Partoer Ilse Tuinenga wint yn Jorwert

(fotofoarbyld) © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De trochinoar lotterspartij yn Jorwert einige snein yn in finale mei alles oan de hang, oftewol 5-5 en 6-6. Op dy stân pleatste Ilse Tuinenga fan Berltsum in sitbal en dat besjutte foar har de winst mei Maaike Osinga en Sjanet Wijnia. De twadde priis gong nei Joukje Kuperus, Imke van der Leest en Manon Scheepstra. Ut in list fan acht partoeren wie de tredde priis foar Anne Monfils, Anouk Tolsma en Annelien Broersma.
Ek in 2016 hearde Ilse Tuinenga by it winnende trio.