Tredde goud foar Elma de Vries by NK skeelerjen

04 jun 2017 - 16:55

Elma de Vries hat snein by it NK skeelerjen yn Wolvegea har tredde goud pakt. Op de puntekoers wie se yn in spannende striid mei Bianca Roosenboom ferwikkele, mar finishte úteinlik as earste en wûn it goud. It sulver wie dêrtroch foar Roosenboom, Manon Kamminga fan Haulerwyk wûn it brûns.

Elma de Vries waard earder dit wykein al Nederlânsk kampioen op de ôffalkoers en de punte-ôffalkoers.

De puntekoers by de manlju waard wûn troch Ingmar Berga. Crispijn Ariën wûn sulver en it brûns wie foar Luc ter Haar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)