Elske en Marten winne SjONG 2017 mei 'Yn waar en wyn'

Elske (16) en Marten (18) Algra hawwe sneontejûn Frysk songfestival SjONG fan Cedin wûn. It Jobbegeaster duo die dat mei it nûmer 'Yn waar en wyn', de kreas twastimmich songen ferfrysking fan 'Calm after the storm' fan The Common Linnets. Elske is in learlinge fan it Bornego College op It Hearrenfean, har broer Marten studearret op de Hanzehogeschool yn Grins. De faksjuery, dy't bestie út Piter Wilkens, Elske de Wall en Tet Rozendal, fûn harren ferske it bêste fan de njoggen finalisten. Sy wûnen ek noch in kear de priis foar de bêste Fryske songtekst.
Nynke Gijsen (15) en band fan it Bogerman College yn Snits wûnen de twadde priis mei 'Myn nije thús'. Rixt Rypma (17) fan De Friese Poort yn Snits wûn de tredde priis mei 'Myn dream fan ea'. SjONG is in frysktalich songfestival foar jongerein fan 12 oant 18 jier. De finalisten, selektearre nei ferskate audysjes, bringe in bekende popsong yn in Fryske oersetting. De finale wie diskear yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.

Winner YouTube-priis

It sjongduo Syta & Marije (Syta van der Pas en Marije Dijkstra) út Feanwâlden gong nei hûs mei de SjONG YouTube-priis. Harren fideoklip ‘Mei ik dan by dy’ fan SjONG 2015 waard mear as 5000 kear besjoen op YouTube. Dat oantal views wie genôch om de YouTube-priis te winnen.
SjONG is it Frysktalige sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier, organisearre troch Cedin. It fûn foar de achtste kear plak yn 2017. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer. Dêrmei dogge se audysje mei eigen begelieding of op karaokebân. De bêste dielnimmers geane troch nei de finale. Dielnimmers meie ek in Fryske songtekst ynstjoere en gjin audysje dwaan, dan dogge se allinne mei foar de tekstpriis. Doel fan SjONG is om jongeren te entûsjasmearjen foar it skriuwen en sjongen fan Frysktalige nûmers.