Nederlânsk kampioenskip Highland Games yn Ryptsjerk

03 jun 2017 - 13:37

Ryptsjerk stiet sneon yn it teken fan in bysûndere kombinaasje: de Brocante en de Lanlike Túnfair oan de iene kant en dit Nederlânsk kampioenskip Highland Games. De túnfair wurdt alwer foar de fjirde kear organisearre troch de Stichting Natuurlijk Trynwâlden. It Nederlânsk kampioenskip Highland Games wurdt foar it earst yn Ryptsjerk hâlden. De eardere 'sterkste man fan Fryslân' Wout Zijlstra organisearret de wedstriid dêr't dit jier fyftjin manlju oan meidogge: Friezen, Nederlanners en in pear Belgen.

Beide organisaasjes binne wiis mei de gearwurking. It docht Wout Zijlstra wol wat tinken oan de Highland Games yn Skotlân, seit er. Dêr wurde de ûnderdielen foar de sterke manlju ek altyd kombinearre mei oare aktiviteiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)