Ron van den Hout offisjeel wijd ta biskop

Ron van den Hout is sûnt sneontemoarn offisjeel de biskop fan it bisdom Grins-Ljouwert. Yn in folle Sint Jozefkathedraal yn Grins waard er wijd troch ûnder oare kardinaal Wim Eik. Van den Hout is de opfolger fan Gerard de Korte, dy't ferline jier oerstapte nei it bisdom Den Bosch. Van den Hout hat dêr ek gearwurke mei Gerard de Korte.
Under it bisdom Grins-Ljouwert falle 29 parochys mei 81 tsjerken en goed 100.000 katoliken.