Drachtster Boys twingt beslissingswedstriid ôf tsjin Pernis

02 jun 2017 - 21:57

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys meitsje noch alle kâns op it lânskampioenskip. Se wûnen freedtejûn yn Schiedam mei 4-0 de twadde finalewedstriid fan Pernis en twongen hjirtroch in tredde finalewedstriid ôf. Foarige wike waard de earste finalewedstriid yn de bêste fan trije searje noch ferlern mei 5-1.

Bernou Hylkema makke it iennichste doelpunt yn de earste helte. Nei it skoft ferdûbele Jessie Prijs de skoare en makken Vera Veelers en Marian Meijer de 3-0 en de 4-0. Pernis sette yn de einfaze noch oan, mar Drachtster Boys stie prima te ferdigenjen en joech de winst net mear út hannen.

Nije wike freed is yn Schiedam de tredde en beslissende finalewedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)