Auto botst op ferkearspeal yn Arum, bestjoerder nei sikehûs

02 jun 2017 - 21:06

In autobestjoerder hat freedtejûn op in krúspunt oan de Van Cammingawei yn Arum in grutte ANWB-paadwizer omfier riden. De auto kaam op de sydkant telâne, deunby in benzinepomp. Dêrby is de bestjoerder ferwûne rekke en ôffierd nei it sikehûs mei in ambulânse. It is net dúdlik wat de oarsaak fan it iensidige ûngelok is.

De plysje docht dêr ûndersyk nei.

Trefwurden: 
botsing Arum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)