"Alle bussen moatte tagonklik wurde foar rolstuollen"

© Omrop Fryslân
Alle bussen yn Fryslân moatte tagonklik wêze foar rolstuollen. Dat seit de steatefraksje fan de PvdA. De partij fynt it ûnakseptabel dat der op dit stuit rolstolbrûkers binne dy't achterbliuwe by bushaltes omdat rolstoelplanken stikken binne of omdat bussjauffeurs net helpe wolle. De PvdA wol dat deputearre Kramer de busferfierders ferget om de bussen dy't yn Fryslân ride rolstoeltagonklik te meitsjen. De partij wol ek witte hokker ynstruksjes de bussjauffeurs krije om minsken yn in rolstoel te helpen.
Foar takomstige buskonsesjes wol de PvdA dat de provinsje ôfspraken fêstleit oer wat de begelieding fan handikapten oanbelanget. It ferskearskundich advysburo DTV Consultants sei ferline wike dat 34 rolstoelbrûkers by goed 450 ritten net meinaam waarden yn de bus. Dat is 8 persint, fjouwer kear safolle as wetlik tastien is. It ûndersyk waard dien yn opdracht fan it College voor de Rechten van de Mens.