"Feroarsaker deadlik ûngelok hie noait yn auto stappe mocht"

Justysje hat in finzenisstraf easke fan oardel jier foar it feroarsaakjen fan in deadlike oanriding op de N381 by Donkerbroek yn 2015. In 52-jierrige ynwenner fan Hoogeveen kaam dêrby om it libben. Syn frou fan 54 rekke swierferwûne.
Black-out
De fertochte, in 31-jierrige Ljouwerter, wie yn in flauwe bocht nei rjochts op de ferkearde helte fan de dyk telâne kaam. Hy botste frontaal op de auto fan it echtpear. Tsjin de rjochter sei er dat er tinkt dat er in black-out hân hat.
Ein oan relaasje
De offisier fan justysje tinkt dat der mear oan de hân is. De freondinne fan de Ljouwerter hie oanjûn dat se in ein oan de relaasje meitsje woe. In oerke foar de botsing hie er kontakt mei har hân. Hy wie bot emosjoneel doe't er yn de auto stapte, en boppedat wie er fysyk en mentaal net fit.
Net sliepe
De man hie de dagen foarôfgeand oan it ûngelok hast net sliept omdat er lêst fan de kiel hie. De man hie de gedachten net by it ferkear, en hie noait yn in auto stappe mocht, sei de offisier. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.