Jagersferiening wol nei Steatemerk fanwege guozzeprobleem

© Henk Bootsma
De Fryske Jagersferiening ropt leden op om op 5 july nei de Steatemerk te kommen. Provinsjale Steaten litte harren dêr ynformearje oer de oanpak fan oerlêst troch guozzen. Letter moatte de steateleden dêr in beslút oer nimme. Jagers soene neffens de feriening ek mei ynformaasje by dy Steatemerk komme moatte.
De jagers wolle net ta skea fan alles helpe om it guozzeprobleem op te lossen. Se tinke dat der wol mooglikheden binne om de guozzen oan te pakken, mar de feriening fynt ek dat de brûkers fan de grûn yn earste ynstânsje ferantwurdlik binne foar de skea dy't troch it grutte oantal guozzen ûntstiet.