De FWIT: de swierste oplieding foar F-16 piloaten

It tal fleanbewegingen op de fleanbasis yn Ljouwert leit dizze moannen trije kear sa heech as gewoanlik. Dat hat te krijen mei de oplieding dy't yn april úteinset is. It giet om FWIT, de ôfkoarting foar Fighter Weapon Instructor Training. It is de iennige en swierste oplieding foar F-16 piloaten yn Europa.
Mar sechstjin piloaten dogge mei oan de oplieding. Elkenien hat syn eigen ynstrukteur dy't de oplieding al dien hat. Se komme út Nederlân, België, Denemarken Noarwegen en Portugal. Dat binne de EPAF-lannen, de European Participating Air Forces. Sân moannen lang duorret de oplieding. De piloaten wenje yn dy perioade mei-inoar op de basis. Nei de dei kinne se dan jûns neiprate oer dat wat se dy dei meimakke hawwe.
De training is swier. De piloaten meitsje lange dagen. Se fleane ien kear deis en dy flecht wurdt wiidweidich analysearre. Der sit mear tiid yn de evaluaasje as yn de flecht dy't se meitsje. Ien fan de ynstrukteurs seit dat de piloaten alle dagen in rydeksamen dogge.
Alle piloaten dy't meidogge hawwe al in soad ûnderfining. Se hawwe faak al meardere kearen op missy west yn it bûtenlân. Se binne dus goed yn har fak. Mar nei ien kear fleane, komme se der al gau efter dat it noch folle better kin. Se wurde hurd ôfrekkene op de flaters dy't se meitsje. Ien kear wat ferkeard dwaan mei noch, mar by in twadde flater wurdt it al dreech foar in piloat. It komt dan ek foar dat in piloat it net hellet en fuortstjoerd wurdt fan de oplieding.
De piloaten leare alles oer de wapens oan board en de ferskate taktyken dy't brûkt wurde kinne by loftoperaasjes. De kunde dy't se opdogge, nimme se mei nei de squadrons om dy oer te bringen op de jongere fleaners.
Foardat se safier binne, wurde se goed troch de mangel helle. It begjint mei in ienfâldich loftgefjocht en einiget mei in komplekse missy mei meardere tastellen en in grut ferskaat oan fijannen dy't dreger te finen binne. Wat de F-16 fleaners benammen bybrocht wurdt, is om troch alle training in folle better oersjoch te krijen oer wat der om har hinne spilet en bart. De piloaten kinne dan folle rapper ynspylje op drigingen.
It earste part fan de oplieding wurdt dien yn Nederlân. Der wurdt benammen oefene boppe de Noardsee. Nei de simmer ferhúzje alle piloaten nei Noarwegen. Om de lûdsoerlêst te beheinen, wurdt dêr it jûns- en nachtfleanen oefene.
As de oplieding dien is, gean alle piloaten werom nei har eigen squadron. Se binne faak de earsten dy't op missy gean as de polityk dêr om freget. Bygelyks yn de striid tsjin IS. Faak wienen it de Nederlanners dy't de missys planden foar in grutte ynternasjonale troepemacht en foarop gongen yn de striid.
Se stean dan altyd yn kontakt mei in offisier yn it kommandosintrum dy't inselde oplieding dien hat. De kommunikaasje giet dan better en dat makket de kâns op flaters lytser.
De oplieding wurdt yn prinsipe alle jierren organisearre. Om't der de lêste jierren net altyd genôch piloaten beskikber wienen, is in jier oerslein. "We gaan geen mensen opleiden die er niet klaar voor zijn. De kwaliteit van de oplieding, daar doen we geen concessies aan", seit ynstrukteur Kapitein Dennis.
De oplieding waard yn it ferline dien troch it 323 Tactess squadron fan de fleanbasis yn Ljouwert. Dat squadron wie it kennissintrum as it giet om de F-16. In pear jier lyn is it ferhuze nei de Feriene Steaten. Op de fleanbasis Edwards hâlde de piloaten har dwaande mei it testen fan de F-35, it nije gefjochtsfleantúch fan de loftmacht. It kennissintrum is oernaam troch it 322 squadron.