Trije miljoen foar duorsume projekten yn it Waadgebiet

It Waadfûns stekt trije miljoen euro yn duorsume projekten yn it Waadgebiet op it mêd fan rekreaasje en toerisme. It jild giet nei acht projekten en makket diel út fan in totale ynvestearring fan 6,7 miljoen euro yn de trije waadprovinsjes. Der wienen tweintich oanfragen ynstjoerd, wêrfan der acht no dus subsydzje krije.
It giet ûnder mear om in teäterbierbrouwerij op Flylân dat hast 500.000 euro krijt, Nacht aan het Wad by Swarte Haan dat 445.000 euro krijt en Sense of Place, tweintich projekten yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018.
Bliid, mar foarsichtich
Bojan Bajic is bliid, mar ek foarsichtich, no't it Waadfûns hast 475.000 euro stekt yn syn plan foar in teäterbierbrouwerij op Flylân. Finansjeel hat er alles op oarder en de plannen binne klear om útfierd te wurden, mar it wachtsjen is op tastimming fan de gemeente. Bajic is bekend fan Podium Vlieland, in kombinaasje fan iissalon en in teäter mei bioskoopseal en in iepenlofsbioskoop yn de dunen.
Teäterbierbrouwerij
Syn tredde projekt, de teäterbierbrouwerij, kostet hast 2,4 miljoen euro. De subsydzje fan it Waadfûns is dêrom wolkom. ''Het draagt enorm bij aan de plannen, maar schept ook een extra verantwoordelijkheid om er nog iets mooiers van te maken'', seit Bajic yn in reaksje. Mei de teäterbierbrouwerij wol hy noch mear dwaan oan it oanpriizgjen fan Flylân. Hy moat no faak ''nee'' ferkeapje oan artysten dy't graach optrede wolle op it eilân.
As de gemeente akkoart giet, wol Bajic nei de simmer begjinne mei de bou op it yndustrygebiet op it eilân.