Natuerbegraafplak Nijhoarne wurdt útwreide

It plak dêr't it natuerbegraafplak komme moat © Omrop Fryslân
It natuerbegraafplak yn Nijhoarne wreidet earder út as tocht. Op dit stuit kin op fjouwer fan de beskikbere tolve hektare in grêf reservearre wurde. Omdat al sa'n 200 minsken dat dien hawwe, wurdt no al in twadde part fan it terrein geskikt makke. Dat betsjut dat it besteande produksjebosk foar in part kapt wurdt, dat der nij grien oanplante wurdt en dat der wetterpartijen oanlein wurde.
De útwreiding stie pas pland foar oer in jier as fiif. Yntusken lizze der sa'n 50 minsken begroeven op it natuerbegraafplak.