Harm Zeinstra net langer keeper fan Cambuur

Harm Zeinstra © awfoto.nl
Harm Zeinstra sil yn it nije seizoen net op 'e goal stean by Cambuur. It kontrakt fan de 27-jierrige keeper wurdt net ferlinge. Zeinstra is nei Leonard Nienhuis de twadde keeper dy't de Ljouwerter ploech ferlit. Zeinstra stie fjouwer seizoenen ûnder kontrakt, Nienhuis fiif seizoenen.
Bekend wie al dat middenfjilder Erik Bakker nei PEC Zwolle giet en Delvechio Blackson nei Almere City. Tarik Tissoudali komt ek net werom. De oanfaller, dy't hierd waard fan it Frânske Le Havre, spilet it nije seizoen by it promovearre VVV-Venlo.