Follybalinternational Marrit Jasper moat nije klup sykje

Marrit Jasper yn har Snits tiid (hjir op argyfbyld) © awfoto.nl
Follybalster Marrit Jasper moat in nije klup sykje. De Dútske ploech út Suhl dêr't se it ôfrûne seizoen spile, hat besletten om net mear op it heechste nivo út te kommen. Der is in begruttingstekoart fan hast in ton. Suhl kin dêrtroch net in team gearstalle dat it nivo foar de Bundesliga hat.
Marrit Jasper keas ferline jier foar in bûtenlânsk aventoer, nei't se twa kear mei VC Snits it lânskampioenskip helle hie. Nei it seizoen yn Dútslân waard se selektearre foar Oranje. Op dit stuit is se mei it Nederlânsk team yn Azerbeidzjan. Oranje spilet dêr it kwalifikaasjetoernoai foar it WK, mei hjoed de earste wedstryd tsjin Denemarken.