Earste ynfopunt regioambassadeurs LF2018 komt yn Warkum

Yn Warkum wurdt woansdei it earste ynfopunt mei regioambassadeurs fan Ljouwert-Fryslân 2018 iepene. De iepening wurdt dien troch de kultuerwethâlders Mirjam Bakker fan Súdwest-Fryslân en Durk Durksz fan De Fryske Marren. Yn totaal komme der fiif ynfopunten yn de beide gemeenten. Minsken kinne der yn kontakt komme mei regioambassadeurs fan it netwurk fan Kulturele Haadstêd 2018.
Ek yn ûnder mear Aldemardum, Snits, De Jouwer, De Lemmer, Tytsjerksteradiel en It Bilt komme sokke ynfopunten.