Learlingen OSG Sevenwolden moatte eksamen oerdwaan

De VMBO-learlingen fan it OSG Sevenwolden dy't op De Jouwer it eksamen ierdrykskunde dien ha, moatte dat oerdwaan. De ûnderwiisynspeksje hat de eksamens ûnjildich ferklearre. It giet yn totaal om trije learlingen. Dy hienen in Bosatlas by it eksamen krigen, wylst dat net mocht. Neffens de skoalle ha de learlingen de atlassen net ynsjoen, mar dat makket foar de ynspeksje net út. De skoalle hat de ynspeksje sels ferteld, dat de atlassen by de learlingen op tafel lein ha.
Dat de learlingen oer twa wiken opnij eksamen dwaan moatte, hat gjin gefolgen foar de kâns fan slagjen, seit de skoalle. As it nedich is, kinne se dêrnei ek noch hereksamen dwaan. De skoalle wol de learlingen sa goed as mooglik helpe mei de tariedingen dêrfoar.
"Afschuwelijk"
"Dit is echt afschuwelijk" seit Roelie Popping fan it kolleezje fan bestjoer fan it OSG Sevenwolden. "Dan zit je al zo in de stress voor een examen en dan moet je nog een keer. Dat gun je geen enkele leerling. Wij hebben gewoon een fout gemaakt. Dat is heel kwalijk."
Regels
Popping hie noch de hoop dat de ûnderwiisynspeksje it fergryp troch de fingers sjen soe, omdat de atlassen net brûkt binne, mar dat koe net. By in skoalle yn Zwolle hat de ynspeksje ek eksamens ûnjildich ferklearre, omdat der atlassen op tafel leinen. Foar De Jouwer jilde deselde regels.
Dat it fout gong, komt neffens Popping trochdat de altassen by de HAVO- en VWO-eksamens wol brûkt wurde meie. De surveillanten hienen net in list dêr't op stie dat it by it VMBO net mocht. Op de oare lokaasjes fan it OSG Sevenwolden dêr't de VMBO-eksamens makke wurde, is it wol goed gien, seit Popping. Se wol maatregels treffe om derfoar te soargjen dat it op De Jouwer net wer mis giet.