FNP Achtkarspelen wol rûtes goed yn navigaasjesystemen

Navigaasjesystemen witte it paad net altiten likegoed te finen yn Achtkarspelen. De FNP yn de gemeenteried makket him dêr soargen oer. De partij wiist derop dat der koartlyn in Poalske frachtauto fêst kaam te sitten op de Monnikewei yn Gerkeskleaster. It navigaasjesysteem fan de Poal hie net yn de gaten dat it in fytspaad is en dat der healweis in feeroaster sit, dêr't allinne fytsers en kuierders oerhinne kinne.
De FNP seit dat ferskate navigaasjesystemen minsken dy kant útstjoere as sy by de pleats fan boer Bijlsma oan de Monnikewei wêze moatte. Neffens de partij soe it ek op oare plakken yn de gemeente spylje, bygelyks yn Stynsgea oan de Feartswâl. De FNP wol fan it kolleezje fan b. en w. witte wat it dwaan sil om rûtes goed yn de navigaasjesystemen te krijen.
Boer Wytse Bijlsma makket him net al te drok om de argewaasje oer de Monnikewei by syn pleats yn Gerkeskleaster.