Brêge Skûlenboarch komt dizze wike wer teplak

De brêge fan Skûlenboarch wurdt tongersdei en freed wer te plak brocht, oer it Prinses Margrietkanaal tusken Jistrum en it Heechsân. De brêge rûn begjin jannewaris flinke skea op trochdat der in binnenfeartskip tsjinoan botste. Sûnt dy tiid koe it ferkear der net mear oer hinne. De brêge is reparearre yn Grins.
Neidat er wer te plak brocht is, wurdt er oansletten op alle bestjoeringssystemen en wurde der feilichheidstesten dien. De ferwachting is dat de brêge 15 juny wer iepen kin foar it ferkear.