Pieter Weening net ferrast oer winst fan Tom Dumoulin

Pieter Weening wie net echt ferrast dat Tom Dumoulin snein de Giro wûn. Neffens de hurdfytser fan De Harkema is it talint fan Dumoulin grut, hielendal doe't er ferline jier hast de Ronde fan Spanje wûn. Mar dochs is de prestaasje fan de Limboarger in topprestaasje, sa goed as unyk dat in Nederlanner trije wiken lang sa goed wêze kin yn sa'n grutte koers.
Weening wûn earder ek al ris etappes yn de Giro d'Italia, hie ek al ris de rôze liederstrui oan, mar Dumoulin skreau histoarje troch it einklassemint te winnen. Weening sels siet op dat stuit op de fyts yn Noarwegen. De Fries begjint woansdei oan de Ronde fan Lúksemboarch en dêrnei fytst er de Ronde fan Switserlân.