Brânwacht rêdt hynder út de Mantgumer Feart
De brânwacht hat sneintejûn by Mantgum in hynder út de feart rêden. Boatsjefarders op 'e Mantgumer Feart seagen it bist yn it wetter en warskôgen de brânwacht. Mei help fan de trekker fan in boer koe it hynder úteinlik út de feart lutsen wurde.
It hynder makke it goed. Hoe't it bist krekt yn it wetter bedarre is, is net bekend.