Brânwacht warskôget foar brângefaar yn de natuer

It is hurd gien mei de waarmte en de drûchte, en dêrom warskôget de brânwacht foar brângefaar yn de natuer. Op Skylge, by Lippenhuzen en by Beetstersweach gie it dit wykein al mis. Under mear heideterreinen binne kwetsber, mar ek bosken. Boskwachter Roel Vriesema fan Steatsboskbehear ropt minsken op om net yn de natuer te smoken.
Hy ferwachtet ek dat mear gemeenten mei in smook- en stookferbod komme yn de natuer en stipet de oprop fan de brânwacht. Op bygelyks it eilân Skylge jildt dat smook- en stookferbod al.