Van der Bos-en-dy winne keatserij yn Doanjum

It partuer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra hat sneintemiddei yn Doanjum de haadklassewedstriid wûn. Yn de finale wie it trijetal mei 5-3 en 6-6 te sterk foar Jan Dirk de Groot, Dylan Drent en Hans Wassenaar. De lytse preemje yn Doanjum gie nei it partuer Dirk Yde Sjaarda, Kees van der Schoot en Hyltje Bosma. Steenstra waard yn Doanjum ta kening útroppen.
Foar Tjisse Steenstra wie it in bysûnder suksesfolle wike, mei nei oerwinnings yn Sint-Anne, Tsjummearum en Dokkum no ek de winst op it fjild yn Doanjum. Foar Gert-Anne van der Bos wie it fan 2011 ôf de sânde krâns yn Doanjum.