LDODK foar it earst nei krúsfinale om Nederlânske fjildtitel

Femke Faber by LDODK-fans © AWfoto.nl
De kuorballers fan LDODK hawwe har sneintemiddei troch in krappe oerwinning op Blau Wyt Amsterdam pleatst foar de krúsfinale om de fjildtitel. Op De Gordyk waard Blau Wyt mei 17-15 ferslein.
Yn it begjin fan de wedstriid wie de thúsploech better, mar de Amsterdammers makken by it skoft lyk mei in tuskenstân fan 9-9. Yn de twadde helte naam LDODK in lytse foarsprong, en dy joech de ploech úteinlik ek net mear út hannen.
Yn de krúsfinale om de fjildtitel treft de ploech mearfâldich lânskampioen PKC út Papendrecht. Dy wedstriid wurdt op 10 juny yn Papendrecht spile. De oare krúsfinale giet tusken Blau Wyt Amsterdam en TOP Sassenheim.