Online oplicht? Dyn jild bist kwyt!

Minsken dy’t fia ynternet in produkt besteld hawwe en dat net ûntfongen hawwe, krije yn hast alle gefallen harren jild nea mear werom. Dat docht bliken út ûndersyk fan de regionale omroppen en de NOS ûnder goed 1.700 dupearren. Ek oer de ôfhanneling fan de oanjefte troch de plysje binne minsken net tefreden. Fan de minsken dy’t wachtsje moasten op harren bestelling, seit goed njoggen fan de tsien har jild definityf kwyt te wêzen. Neffens it CBS wie yn 2016 ûngefear in heal miljoen minsken de dupe fan keapfraude.
It grutste part fan de ferkeapfraude fûn plak by klean, kompjûters en tickets. Yn de helte fan de gefallen gie it om in bedrach fan boppe de hûndert euro.
Untefreden oer ôfhanneling
In soad minsken binne ûntefreden oer de ôfhanneling fan harren oanjefte. ‘’Oanjefte dien by de plysje mei alle petearen, telefoannûmer, rekkennûmer en it IP-adres. Nea mear wat fan heard’’, sa skriuwt in frou dy’t in nepkaartsje kocht hie. Mar inkelde minsken sizze dat de plysje in ûndersyk start hie nei oanlieding fan harren oanjefte.
Neffens de plysje kloppet it dat mar in lyts part fan de oanjeften liedt ta in ûndersyk. Yn 2016 late ien op de fiif oanjeften fan ynternetfraude ta in strafrjochtlik ûndersyk. De plysje hat yn dat jier ek 346 ûndersiken dien, 500 fertochten identifisearre en goed 1700 bankrekkens blokkearre.
Marktplaats
Goed de helte fan de dupearren seit de oankeap fia Marktplaats dien te hawwen. Neffens in wurdfierder van Marktplaats komme der eltse dei 75 meldingen binnen fan oplichting fan de goed 80.000 deistige transaksjes. Wannear’t der meardere meldingen komme, blokkearret Marktplaats it profyl fan dy brûker. Ek wurket de webside gear mei de plysje om oplichters op te spoaren.
Fia de webside fan de regionale omroppen waard de ôfrûne wiken in oprop dien oan minsken dy’t ûnderfinings hawwe op it mêd fan online oplichting. Goed 4.500 minsken dienen mei, fan har wienen der 1.700 dy’t as keaper oplicht waarden.