Sint-Franciscustsjerke yn Boalsert ferheft ta basilyk

De ferheffing fan de Sint-Franciscus van Assisitsjerke fan Boalsert ta in saneamde basilica minor is in feit. Dat barde snein mei in feestlike tsjinst wêrby't in fertsjintwurdiger fan it Vaticaan it dekreet fan de paus foarlies, wêryn de nije status fan de tsjerke befêstige waard. It is de earste basilyk fan Noard-Nederlân.
Soks is in erkenning fan net allinnich de tsjerke sels, mar ek fan de parochy en de hiele katolike mienskip fan Boalsert. Dy is bygelyks in soad yn it spier foar de bestriding fan earmoede. Nei de tsjinst waard ek in saneamde 'kledingbus' seinige, dy't yn Súdwest Fryslân klean by minsken mei in lytse beurs brengt.