FNP-foarsitter tsjin op masinaal útbrieden ljipaaien

28 maaie 2017 - 13:58

Cees van Mourik, de nije foarsitter fan de FNP, is tsjin it masinaal útbrieden fan ljipaaien om sa pykjes te rêden dy't oars gjin kâns op oerlibjen ha. Van Mourik, dy't ek foarsitter is fan de fûgelwacht fan De Gaastmar, kwalifisearret it brûken fan briedmasines as 'symptoom-bestriding': "As je ècht wat foar it behâld fan de greidefûgels dwaan wolle, dan moat je oars buorkje en oars mei de grûn omgeaan."

Van Mourik die syn útspraken snein yn it nijsfoarum fan it radioprogramma 'Buro de Vries', dêr't ek BFVW-foarsitter Rendert Algra oan tafel siet. Hy wol krekt dat der in legale proef komt mei briedmasines en dêroan keppele wittenskiplik ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)