Wurksumheden oan stasjonsgebiet Bûtenpost úteinset

Wethâlder Jouke Spoelstra hat moandeitemoarn it startsein jûn foar nije wurksumheden oan it stasjonsgebiet yn Bûtenpost. Tusken de spoarweioergong en it stasjonsplein komt nije bestrjitting. It ôfrûne jier is der al hurd wurke oan it stasjonsgebiet. Oan de noardkant fan it spoar is ûnder oare in nij parkearplak kaam, oan de súdkant wurdt noch wurke oan nije perrons en parkearplakken.
Fanwege de wurksumheden is de spoarweioergong stremd foar auto's. Fytsers en fuotgongers kinne der wol oerhinne. It wurk is nei alle gedachten begjin july klear.