Brânwacht befrijt laam út piiplieding op It Amelân

© Plysje Noardeast-Fryslân
Op Nes op It Amelân hat de brânwacht sneon holpen om in laam út in piiplieding te befrijen. It jonge bist siet fêst yn in piiplieding fan 80 meter lang mei in trochsneed fan 40 sintimeter. Nei de nedige ynspanningen slagge it de brânwacht om it laam los te krijen. Beide úteinen fan de piip binne dêrnei goed ticht makke om soks nochris foar te kommen.