Jannewietske de Vries: "Net mear eamelje, gewoan trochsette"

Se stie oan de widze fan kulturele haadstêd. Se moast somtiden tsjin de stream op roeie, mar sette troch. Jannewietske de Vries. Ald-deputearre fan de PvdA. No't 2018 tichterby komt en der betiden behoarlike krityk komt op it barren sit de âld-politika op ôfstân. As direkteur fan Floriade 2022. In megaprojekt yn Almere. Hoe is it wurkjen bûten Fryslân en hoe stiet se tsjinoer de krityk dy't loskomt op LF2018. Kin se it loslitte? Buro de Vries gie nei Almere en socht har op.
Grutsk
Se is hartstikke grutsk op wat der allegearre bart yn Fryslân. Dat der krityk is fynt se logysk: "Op de ien of oare wize heart it by dit soart lange prosessen. Achterôf is elkenien grutsk mar dit heart derby. It is no tiid om net mear te eameljen, mar troch te setten. Eltsenien moat no fanút syn eigen rol syn bêst dwaan om der in fantastysk jier fan te meitsjen."
Direkteur Floriade 2022
De stap om oan de slach te gean yn Almere wie fluch naam, mar it hat lang duorre foardat de knop echt om wie. "Ik wie sa ferbûn mei it deputearreskip, Fryslân en KH2018, dat koe ik net los litte. Dat hat tink ik wol oardel jier duorre foardat ik echt frij wie."
It wie in bewuste kar omdat se ôfstân woe, fan de polityk en fan Frysân. In opfallend ferskil tusken bestjoere yn Fryslân en Flevolân fynt se de snelheid fan besluten nimmen'. "Yn Fryslân binne we wend dat elk oer alles meipraat. Derom feroarje dingen ek net sa hurd. Hjir is de kûgel gaul troch de tsjerke. Dêr kin Fryslân noch wat fan leare."
Werom nei Fryslân
Yn de takomst wol Jannewietske wer oan de slach foar Fryslân. Yn de polityk sjocht se noch net dalik, mar se slút it ek net út. En wannear? Gjin idee.
Harkje foar it folsleine petear snein 11 oere nei Buro de Vries. http://www.omropfryslan.nl/utstjoering/buro-de-vries-fan-28-maaie-2017-1100