Westerduin tydlik haadredakteur Friesch Dagblad

Friesch Dagblad © Omrop Fryslân, René Koster
Anne Westerduin, de eardere direkteur fan drukkerij Jongbloed op It Hearrenfean, wurdt tydlik haadredakteur fan it Friesch Dagblad. Se folget Lútsen Kooistra op, dy't ein april ôfskied naam. Westerduin is teologe en skriuwster. Neffens foarsitter Jan Ienco Froentjes fan de feriening Het Friesch Dagblad duorret it beneamen fan in opfolger langer as tocht. Der hawwe de ôfrûne moannen meardere petearen plakfûn, mar dy hawwe oant no ta neat opsmiten. ,,Dat spijt ons, maar wij zijn ervan overtuigd dat het Friesch Dagblad een unieke opvolger verdient, dus we zoeken met goede moed en vastberadenheid verder naar de juiste kandidaat'', seit Froentjes.