Stekker út Sinnepark by Wurdum

De firma Groenleven, dy't sinneparken oanleit en eksploitearret, hat de fergunningsoanfraach foar in grut sinnepark by Wurdum ynlutsen. De plannen binne dêrmei foarearst fan de baan. Neffens it aksjekomitee fan omwenners hat Groenleven de plannen ynlutsen ûnder druk fan de gemeente Ljouwert. Groenleven seit dat bliken dien hat dat der net genôch draachflak ûnder de befolking is en dat se dêrom de oanfraach ynlutsen hawwe.
It aksjekomitee is bliid mei de stap fan Groenleven. Neffens wurdfierder Peter Smit is der gjin draachflak foar de plannen. 'Groenleven seit dat se mei it doarp yn petear wolle foardat se in fergunning oanfreegje mar it bedriuw hannelet oarsom', seit hy. Kommersjeel direkteur Bert Hendriks fan Groenleven jout de hoop noch net op. Hy wol dochs besykje om de dialooch mei Wurdum wer op gong te krijen. 'Us útgongspunt is mei de minsken foar de minsken. We ha in minne start makke mar we moatte no sjen wat der wol kin en net wat der net kin', seit hy.