7200 Friezen binne ûnfersekere

14 maaie 2008 - 09:29

It tal Friezen dat sûnder syktekostenfersekering troch it libben giet is yn it ôfrûne jier bot tanaam. Yn 2006 wiene dat noch 6400, no binne it 800 mear. Dat docht bliken út sifers fan it CBS, it sintraal buro foar de statistyk.

Benammen ûnder jongfolwoeksenen fan tusken de 18 en 35 binne in soad minsken sûnder fersekering. Fryslân docht it wol krekt wat better as it lanlike gemiddelde; yn_trochsneed hat 1,4 % gjin syktekostenfersekering.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)