Nyck de Vries sânde by haadrace Formule 2 yn Monako

© Twitter @nyckdevries
Autokoereur Nyck de Vries hat freedtemiddei yn de haadrace fan de Formule 2 yn Monte Carlo in moai sânde plak behelle. De Snitser begûn de race as fjirtjinde en wurke him kreas nei foarren yn it prinsdom.
Troch syn sânde plak mei De Vries sneon yn de sprintrace as twadde starte. Dat jout de Fries in prima útgangsposysje foar dy twadde wedstriid fan it Formule 2 wykein yn Monako.