Nyck de Vries hat minne dei by kwalifikaasje F2 yn Monako

Autokoereur Nyck de Vries fan Snits © Omrop Fryslân
Autokoereur Nyck de Vries fan Snits hie tongersdei in minne dei by de kwalifikaasje foar de Formule 2 yn Monako. By de haadrace start er dêrtroch freed op it fjirtjinde plak. De Vries einige by de kwalifikaasje as achtste, mar omdat er al in straf meinaam troch in oanfarring mei de Italiaan Antonio Fuoco by de foarige race yn Barcelona sakke er nei it alfde plak. Dêr kamen tongersdei nochris trije strafplakken by foar it hinderjen fan opnij Fuoco. As oft dat net genôch is, moat De Vries de race yn Monako no begjinne neist de Italiaan.