FIDEO: Makkers berneprogramma krije ynternasjonale priis

25 maaie 2017 - 22:28

Feest tongersdeitejûn foar de makkers fan it berneprogramma Kening Hert & Harry Hazze fan Omrop Fryslân. Sy namen yn Ponta Delgada op de Azoren nammentlik harren behelle Circom Award yn ûntfangst. Dat is in wichtige Europeeske priis foar programma's fan de regionale omroppen. It berneprogramma Kening Hert & Harry Hazze, útfierd mei poppen en akteurs en bedoeld foar bern út de earste groepen fan it basisûnderwiis, wûn de priis yn de kategory amusement.

De priis, in spesjaal ûntwurpen trofee en in jildbedrach fan 2.000 euro, waard op in gala op de Azoren útrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)