Strjitfestival Heechspanning fiert 25-jierrich jubileum

It is yntusken al 25 jier in begryp yn Heech op Himelfeartsdei: it strjitfestival Heechspanning. Ek dit jier stiet it doarp dizze tongersdei wer op 'e kop mei op strjitte muzyk, dûns en teäter. Om ien oere tongersdeitemiddei sette it festival útein en it duorret noch de hiele dei. Neffens de organisaasje is it ek dit jier wer goed drok yn Heech. ''It liket hiel best en wy hawwe der prachtich waar by'', sizze de organisatoaren fan Heechspanning. ''It is seker sa drok as de oare jierren.''
Bysûnder is dat it strjitfestival elk jier wer mei in bysûnder lyts budzjet organisearre wurde kin. ''Dat is te tankjen oan de goed sechstich frijwilligers dy't harren ynsette'', seit de organisaasje. ''Se helpe mei de opbou, de ferkeap fan programmaboekjes en it regeljen fan it parkearjen. Sa moat it foar ús ek, wy moatte it ha fan sponsoaren, advertinsjes en it parkearjild. Oars kinne wy mei-inoar nea sa'n moai festival delsette hjir yn Heech!''