''Steateleden moatte better ynformearre wurde oer KH2018''

GrienLinks hat tegearre mei D66 woansdei in moasje yntsjinne dêr't yn frege wurdt de steateleden better te ynformearjen oer de fuortgong by Kulturele Haadstêd. Dy moasje waard oannaam troch Deputearre Steaten. Ferline wike wie der in parsekonferinsje wêryn't de provinsje en gemeente Ljouwert oankundigen dat der ekstra jild giet nei Kulturele Haadstêd en oer dat se de rezjy fan in tal projekten nei har ta helje. Steatelid Retze van der Honing fynt dat de Steaten dêr fierstente let oer ynformearre binne en stelde der dêrom yn de steategearkomste fragen oer oan ferantwurdlik deputearre Sietske Poepjes.
Neffens Van der Honing soe imagoskea ien fan de redenen wêze om de Steaten net earder te ynformearjen oer de problemen by Kulturele Haadstêd. ''Neat fan wier'', seit ferantwurdlik deputearre Sietske Poepjes. Sy is rekke troch de útspraak fan Van der Honing.