FOTO: Wa binne de besikers fan de blomkemerk yn Ljouwert?

Op Himelfeartsdei wurdt yn Ljouwert neffens tradysje wer de jierlikse blomkemerk hâlden. Nei in jier by it WTC is diskear de binnenstêd opnij feroare yn in see fan blommen. Op de merk stean sa'n twahûndert blomme- en planteferkeapers en tûzenen besikers gean mei tassen, karren en kratten fol wer nei hûs. Fotograaf Joris Kalma makke in tal portretten.