Kuorbalklup KV Lintjo krijt lang om let keunstgersfjild

Nei fyftjin jier krijt kuorbalferiening KV Lintjo yn Aldeberkeap lang om let in keunstgersfjild. By de fyftichste edysje fan de kuorbalsearje fan de klup binne de papieren offisjeel tekene. Om't it kuorbalbûn KNKV twa jier lyn de ôfmjittingen fan de gersfjliden oanpast hat, wie it einlik betelber foar KV Lintjo. It fjild sil goed in ton kostje. It grutste part betelje de klup en de leden sels. Dizze simmer wurdt it keunstgersfjild oanlein, sadat se der yn it nije fjildseizoen fuort op spylje kinne.
Op Himelfeartsdei dogge diskear 104 teams út de regio mei oan de fyftichste edysje fan de kuorbalsearje.