Wurk Jopie Huisman foar it earst yn bûtenlân te sjen

25 maaie 2017 - 12:08

De keunst fan Jopie Huisman sil foar it earst yn it bûtenlân te sjen wêze. It museum Kunst der Westküste op it Dútske eilân Föhr iepenet op 24 juny in tentoanstelling. Sa'n fyftich wurken fan de Warkumer skilder komme dêr te hingjen. It giet om de samling fan in partikuliere samler út Switserlân. It grutste diel is ûnbekend wurk dat foar it earst foar publyk tagonklik is. It Jopie Huisman Museum yn Warkum leveret sels ek fjouwer keunstwurken foar dizze tentoanstelling. 

Skilderijen stellen

De skilderkeunst fan Jopie Huisman hat hast noait bûten Warkum tentoansteld west, omdat hy dat net woe. Yn 1984 wie de earste kear, yn Nuenen yn Brabân. By hege útsûndering fûn Jopie dat goed, want Nuenen hie ommers ek oait it wenplak west fan de ferneamde skilder Vincent van Gogh. Mar fan de fyftich skilderijen fan Jopie binne der doe trije stellen: 'Het Merelnest', 'Handschoenen', en 'De Drie Lotgenoten'. Se binne noait weromfûn. Yn 2009 wie der noch in grutte sykaksje op tou set troch lokale omrop Nijefurd RTN, mar ek dizze speurtocht hat de trije fermiste skilderijen net werombrocht.

Yn 'e kunde komme

Yn it jier 2000 is Jopie Huisman ferstoarn. Ek dêrnei hat syn keunst it museum fan Warkum noait ferlitten. It museum fynt lykwols dat mear minsken mei Jopie Huisman yn 'e kunde komme moatte. Yn 2016 wie der in útstalling yn it Rien Poortvlietmuseum op it eilân Tiengemeten. Yn 2018 komt der in tentoanstelling yn it Stadsmuseum fan Doetinchem. De samling fan de Switserske keunstsamler stiet dêr los fan. Ald-galeryhâldster en keunstadviseur Renée Smithuis hat de skilderijen, tekeningen en lito's yn de ôfrûne tweintich jier byinoar brocht fia keunsthannels, feilingen en by partikulieren wei. 

Ynternasjonaal

It museum Kunst der Westküste op Föhr fertsjintwurdiget keunst út Dútslân, Denemarken, Noarwegen en Nederlân. Der wurdt ek in katalogus by de útstalling útjûn yn it Dútsk, Frysk, Ingelsk en Nederlânsk. De eksposysje op Föhr duorret oant en mei 7 jannewaris 2018. Dêrnei sil de samling ek in skoftke yn it Jopie Huisman Museum yn Warkum te sjen wêze. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)