Drachten wol de wrâld oer mei Piet Mondriaan

Giel, blau en read. Dy kleuren moat Drachten hawwe yn 2018. Woansdeitejûn binne de plannen presintearre wêrmei't Drachten oanheakket by Kulturele Haadstêd. Se wolle opfalle troch it plak om te tsjoenen ta in belibbing fan de keunststreaming 'De Stijl'. De seilen fan it skûtsje De Jonge Trijntje wie ien fan de earste projekten. Dêr is in patroan op skildere dat ynspirearre is op de keunst fan 'De Stijl' keunstner Piet Mondriaan.
Oare plannen binne om de strjitferljochting yn it plak yn de primêre kleuren skine te litten sadat hiel Drachten út de loft op in gigantysk skilderij fan Mondriaan liket.