10.000ste besiker foar Bosbergtoer yn Appelskea
De Bosbergtoer yn Appelskea ferwolkomme woansdeitemiddei de 10.000ste besiker. De gelokkigen wienen Miriam en Tjalling en harren bern Hielke Peter, Lybeth en Maxi Eizinga út Appelskea. Boargemaster Harry Oosterman fan de gemeente Eaststellingwerf wie oanwêzich om de besikers yn it sintsje te setten.