Diemers tekenet nij kontrakt by De Graafschap

© AW Foto
Mark Diemers bliuwt langer by De Graafschap. De Ljouwerter hat in nij kontrakt tekene, dat him in jier langer by de klup yn de Jupiler League hâldt. Diemers spilet sûnt oardel jier by De Graafschap. Hy hie in ôfrinnend kontrakt en woe in stap omheech meitsje, mar kiest no dochs foar in langer ferbliuw yn Doetinchem. De Fryske trainers hawwe dêr in grutte rol by spile, sa seit Diemers. "Henk de Jong en Sandor van der Heide hebben me overgehaald om hier te blijven."
Foardat Diemers nei De Graafschap gie, spile er by FC Utrecht en SC Cambuur.