Ljouwerter (18) krijt gebietsferbod foar mishannelings

© Omrop Fryslân
In 18-jierrige Ljouwerter mei him in jier lang nachts net mear yn it sintrum fan de stêd fertoane. De Ljouwerter rjochtbank joech de man in gebietsferbod om´t er yn de nacht fan 27 jannewaris belutsen wie by in slimme fjochtpartij. Yn in broadsjesaak oan it Ruterskertier hie er in man fan 22 út Tytsjerksteradiel tsjin de grûn slein, en doe't dy ienkear lei nochris twa kear mei folle krêft tsjin de holle skopt.
Letter dy nacht hat er him nochris skuldich makke oan mishanneling. De man stiet bekend as in oerlêstpleger, hy is al faker oanhâlden foar iepenbiere dronkenskip. Hy krige in selstraf ûnder betingst, de maksimum taakstraf fan 240 oeren en hy moat him behannelje litte by ferslavingssoarch. Ek moat er syn slachtoffer in skeafergoeding fan goed tûzen euro betelje.