Ajaxfan Piet Jan Nauta: "We moatte even de beker ophelje"

Piet Jan Nauta is yn Stockholm om woansdeitejûn Ajax yn de Europa League finale te sjen. De Snitser sportferslachjouwer sit dêr mei trije maten út Drylts. De dei begûn rêstich foar him "yn de koarte broek op it terras." Hy moast earst noch wat bekomme fan it feest fan tiisdeitejûn. "De Ingelske fuotbalsupporters steane bekend as hooligans, mar dêr ha ik neat fan fernommen. We sieten mei wat Ajaxfans yn in Ierske pub fol Manchester Unitedfans. We ha oeren oan it sjongen west, it wie ien grut feest."
Sûnt de winst fan Ajax yn de Champions League yn 1995 is Nauta fan fan de Amsterdammers. Hy hopet fansels op winst, mar de tsjinstanner is fan in oar kaliber. "De rjochterfoet fan Pogba kostet mear as de hiele Ajax-seleksje by elkoar."
Wat wurdt it?
"We moatte even de beker ophelje," laket Nauta. "Dat is fansels te moai om wier te wêzen, mar alles kloppet hear. It is op de dei ôf 22 jier lyn dat Ajax de Champions League-finale wûn, it is op de dei ôf fjirtjin moannen lyn dat Johan Cruijff, nûmer 14, stoar en de soan fan Patrick Kluivert, Justin, spilet ek mei. Ik ha alle hoop en fertrouwen. Ik ha der in hiel soad sin oan, mar earlik sein tink ik dat United wol it ferskil makket."