Reizgers nei Flylân net tefreden oer nije tsjinstregeling

De fearboat fan Rederij Doeksen nei Flylân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Reizgers mei de boat nei en fan Flylân binne net tefreden oer de nije tsjinstregeling. Dat hat in ûndersyk útwiisd. As proef wurdt sûnt begjin dit jier trije kear per dei tusken it eilân en Harns fearn mei de gewoane boat, gewoanwei waard der yn de winter minder faak fearn. Om de ekstra kosten te kompensearjen, farre de boaten minder fluch. De reistiid is dêrtroch in kertier langer. Benammen de minsken dy't faak mei de boat gean fine dy ekstra reistiid in grut beswier.
It ûndersyk is hâlden ûnder toeristen en eilanners. It waard ûnder oare dien troch de Flylanner ried fan advys fan Rederij Doeksen. De rederij sil de útkomsten meinimme yn de plannen foar takom jier. De proef mei de nije tsjinstregeling rint noch troch oant begjin july.