Skylge stelt smook- en stookferbod yn fanwege drûge waar

Fjoerkuorren op it strân fan Skylge © Omrop Fryslân, Ilse Hermanides
De gemeente Skylge hat in smook- en stookferbod ôfkundige foar it eilân. It giet dan benammen om de natuergebieten, de bosken en de dunen. It ferbod wurdt ynsteld yn ferbân mei it drûge waar fan de ôfrûne tiid en de waarsfoarsizzing foar de kommende dagen. Neffens de foarútsichten krije wy tige waarm sinneskynwaar. De gemeente lit ek witte dat der foarearst gjin kampfjoerfergunnings mear ôfjûn wurde sille.