Feitsma: "Gjin sprake fan panyk by organisaasje KH2018"

By de organisaasje fan Kulturele Haadstêd is gjin inkelde sprake fan panyk. Dat sei de Ljouwerter wethâlder Sjoerd Feitsma tiisdeitejûn yn it telefyzjeprogramma It Polytburo. Ferline wike waard bekend dat der ekstra miljoenen yn it feest stutsen wurde en dat de provinsje en de gemeente foar in diel de rezjy oernimme. Feitsma ûntkende dat de organisaasje ûnder kuratele steld is.
It draachflak ûnder de Fryske befolking is noch wol in probleem. De measte minsken witte noch te min fan wat der takom jier allegear te barren stiet. Neffens Feitsma wurdt it gjin elitefeestje, ek omdat der in protte lokale inisjativen binne.